Tink derom: nei in bestelling (verzending naar adres) ûntfange jo in bevestigingsmail mei in bestelnûmer (check jo spam), ûnder fermelding fan dit bestelnûmer kinne jo it bedrach oermeitsje nei neamde rekkening. Jo ûntfange gjin digitale entreekaart, hâld jo bestelnûmer by de hân by it der yn kommen. Kieze jo foar "betalen bij afhalen" (afhalen in Tzum) dan kinne jo de kaarten oan de kassa kontant (past) of mei in QR koade betelje.
Toanielferiening Nut en Genoegen Tsjom spilet "Allo Allo" fan Jeremy Lloyd en David Croft (Fryske oersetting Roel van Nijen)
Op 15, 16, 21 en 22 maart spilet Nut en Genoegen Tsjom "Allo Allo" fan Jeremy Lloyd en David Croft (Fryske oersetting Roel van Nijen) yn de Moeting (Nieuwbuurtsterweg 1 yn Tsjom). De garânsje foar in machtig moaie jûn/middei! De bekende serie foar jo op toaniel:
It is oarloch yn Frankryk. Kastlein René Artois en syn frou Edith ha in kafé yn Nouvion, mei harren serveersters Mimi en Yvette betsjinje sy de Dútsers. Mar lit jim net foar de gek hâlde; René ferberget 2 Ingelske piloaten foar it ferset. Yn syn keuken hinget in rotte woarst mei der yn ferstoppe it net te beteljen portret fan de Fallen Frou mei de grutte boarsten, dit ferstoppet René foar de de Dútsers. At it ferset dit te witten komt wurdt René deasjitten, at syn frou der achter komt dat hy in ferhâlding hat mei Mimi wurdt hy deasjitten, at Mimi fernimt dat hy in ferhâlding hat mei Yvette wurdt hy deasjitten en at Yvette te hearren kriget fan Mimi en him dan wurdt hy.......jo kin it wol ride....
Wolkom yn kafé René!
Foto's: https://myalbum.com/album/RmsiUR6c4nEt/